Aant Mulder: Frysk op Riis hat ferlern

july 16, 2019 07:00

Kollum

Hoe is it mooglik! Frysk op Riis waard diskear tagelyk holden mei de finale fan de wrâldkampioenskippen froulju yn Lyon. Wa hie dat tinke kinnen. No’t diskear wat minder folk op Frysk op Riis ôfsetten kaam, sil grif tocht wurde dat dy fuotbalkampioenskippen dat fan gefolgen hân ha. Sa besjoen hat Frysk op Riis ferlern fan it fuotbaljen. Grif, dy wedstriid sil fan ynfloed west ha, mar it wol my net rjocht oan dat sa de beheinde mannichte besikers folslein ferklearre wurde kin. It hat yn alle gefallen net oan it waar lein, want it wie in moaie snein. Dêr komt by dat de teatertún in daalders plakje is en dat Frysk op Riis in goede namme hat. Dêr kin it dus ek net oan lein ha.

Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod (foto Aant Mulder)

Dat bringt my by it programma sels. Der stiet in moai ferskaat oan nammen op. Alles byinoar giet it om seis optredens op twa ferskillende poadiums, de bekende formule. Dat is moai, mar it is tagelyk in hiele sit om fan healwei fjouweren ôf oant in oere of njoggen de jûns ta te harkjen nei dy bekende en minder bekende groepen. Seis kear trije kertier! Dêr komt de tiid fan it wikseljen tusken de poadiums en it testen fan it lûd fansels noch by. Hawar dat jout tagelyk tiid om efkes te praten en om te iten en te drinken. Dat is goed regele. Dêr kin it dus ek net oan lein ha. Dat guon minsken letter komme of wer earder ôfsette, kin fansels gewoan fan dy lange sit komme. Of soe dat dochs ek wat mei de programmearring te krijen hân ha.

Ik hoopje dat Jan Hoekstra trochset en
dat er in bekende Fryske sjonger/trûbadoer wurdt.

It earste optreden fan Jan Hoekstra en it lêste optreden fan de Fryske folkband Reizger ha sadwaande noch minder publyk. It optreden fan de sjonger Jan Hoekstra (J.A.N.) liket wol wat op in famylje-optreden. Syn suske en syn soantsje dogge mei. Dêrom allinne al is Tiidskapsule, dat er tegearre mei syn soantsje, sjongt in boppeslach. Hy fertelt dat er noch mar krekt yn it Frysk úteinset is. Dat docht er om’t er it Frysk gewoan in hiele moai taal fynt, in taal dy’t him goed leit. Hy begjint mei Paad nei hûs, syn earste Fryske ferske. De ferskes ha hast hieltyd mei himsels te krijen. It wurdt sadwaande in hiel persoanlik optreden, dêr’t ik mei niget nei harkje. Ik hoopje dat Jan Hoekstra trochset en dat er in bekende Fryske sjonger/trûbadoer wurdt.

Jan Hoekstra (J.A.N.) (foto Aant Mulder)

Ik ha it gefoel dat guon artysten/groepen dy’t optrede noch net sa hiele bekend binne. Dat jildt net allinne foar Jan Hoekstra en famylje, mar ek foar Ella and Her Man en VOLK. De bekende groepen binne wat my oanbelanget Marcel Smit & de Hiele Hannel, Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod en de folkband Reizger. Op dy trije, mei Marcel Smit en Gerbrich van Dekken as bekende nammen, hie it grutte publyk ôfkomme moatten. Dat barde dus net. Ik fyn it moedich fan de kommisje om like folle ûnbekende as bekende groepen op it programma te setten. Wa’t mear publyk lûke wol as allinne mar de fêste kearn hat nei alle gedachten dochs mear bekende nammen nedich. No diene Grytz en Grize, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en party oaren net mei. Dat ik tink dat fuotbal en programmearring beide bewurke ha dat der wat minder besikers as yn oare jierren wiene. Spitich, want it bliuwt in moai konsept.

De opmerking: “Jullie kunnen toch wel Nederlands verstaan”
kin ik sa stadichoan net mear om laitsje.

Wat fierder opfalt, dat is, dat it gauris gjin eigen, gjin orizjineel wurk is. De melodyen wurde noch faker as de teksten fan oaren liend en bewurke. Ik hoech dat oangeande allinne mar Dylan yn it Frysk te neamen. Sa is der folle mear. “Beter goed gejat, dan slecht verzonnen” hear ik immen sizzen. De taal fan de Frysk sjongende en spyljende artysten is dus ek net altyd like Frysk en de Fryskpraters dogge dat tagelyk net allegearre like goed. Dat kin better. Dat feroaret as ik nei de lieten fan Ella en Her Man harkje. Ella de Jong hat foar har groep in Ingelsktalige namme keazen en it stimmen dogge se mei Ingelsktalige ferskes. Dat se sjonge grif mear Ingelsk as Frysk. Yn har ferhaal mei it publyk nimt se it Hollânsk foar kar. De opmerking: “Jullie kunnen toch wel Nederlands verstaan” kin ik sa stadichoan net mear om laitsje. It songen ferhaal en de muzyk binne lykwols treflik. Wat letter hearre we dat Baukje Wytsma dy teksten skreaun hat en dan begryp ik it wol. Ella har bydrage oan Frysk op Riis komt út de foarstelling Myn Skip, in iepenloftspul dat ferline jier yn it ramt fan LF2018 yn Earnewâld opfierd waard. It is in ynkringend ferhaal, mar ik freegje my ôf oft ik dêrfoar nei Riis ta kommen bin. De groep VOLK, dy’t wat earder op it grutte poadium stie, is yn guon rûnten wol in bekende groep. Se ha ommers ek al op Aaipop stien! Likegoed jildt dat net foar it grutte publyk. Se ha gefoel foar toaniel en se spylje in ferskaat oan sjenres. It sjongen en spyljen hat wol wat, mar ik tink dat ik se faker hearre moat, benammen ek om’t it ferskaat ryklik grut is.

VOLK (foto Aant Mulder)

Der wie dus in moai grut ferskaat oan solisten en groepen. Wy dogge foar de ein krekt wat party oaren ek dogge, wy sette wat earder op hûs ta. It muoit my om Reizger, mar it is net oars. It wie sa al in hiele sit. Oan ’e kant sjoch ik de steapels túnstuollen, dy’t brûkt wurde kinnen hiene. Dat moat it oare jier eins al. Mei krekt wat mear artysten as Gerbrich van Dekken mei lieten as Eastermar, Myn thús, Nei Wytse ta en Marcel Smit mei Ik bin de pake fan mysels, De Westereen, Omstekeard moat dat slagje. Dan komme de fêste kearn en it grutte publyk grif beide. Dwaan, want Frysk op Riis is te moai om wei.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 13 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

july 16, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.