300 sinnepanielen op sporthallen It Surhústerfean en De Harkema

july 5, 2019 15:43

Sporthal It Surhústerfean (© Achtkarspelen)

Mei de trijehûndert sinnepanielen dy’t koartlyn oanbrocht binne foarsjogge de sporthallen fan It Surhústerdean en De Harkema sels yn harren elektrisiteitsferbrûk. Om dat noch fierder tebek te kringen wurdt takomme hjerst alle ferljochting troch enerzjysunige LED-lampen ferfongen. Wethâlder Margreet Jonker is der bliid mei: “Hjir sette we belangrike stappen mei op wei nei in duorsume gemeente. Us ambysje is om yn 2040 folslein enerzjyneutraal te wêzen.”

Yn 2018 besleat de gemeenteried om yn de kommende jierren alle sporthallen en gymnastyksealen fan sinnepanielen te foarsjen. Earder waard ûnder mear it dak fan de sporthal yn Bûtenpost en de dakken fan de gymnastyksealen yn Twizelerheide en Boelensloane ferduorsume. Yn 2026 moatte alle acht sporthallen en trije gymnastyklokalen yn de gemeente sinnepanielen hawwe. Takomme jier is Droegeham oan bar. Wethouder Jouke Spoelstra fan Sport is ek bliid mei de ûntwikkeling: “Wy hawwe in protte sportakkommodaasjes. Mei ús duorsume sporthallen hawwe wy in foarbyldfunksje.”

Sporthal De Harkema (© Achtkarspelen)

july 5, 2019 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.