18e Fryske Telefyzjereklame Publykspriis foar Projektteam Grutsk op ús Greidefûgels

july 18, 2019 22:04

Tongersdei 18 july is de 18e Fryske Telefyzjereklame Publykspriis (FRP) útrikt troch Pier Bergsma, tydlik foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging oan Projektteam Grutsk op ús Greidefûgels.

Sterkenburgh kriget de priis oerlange fan Bergsma

De útrikking waard holden op de pleats fan de famylje Rypkema. Op it lân fan de famylje Rypkema waard it winnende spotsje opnaam.

Mei noch twa oare nominearre kandidaten te witten: Aquacell mei Wy hâlde fan netsjes en Joop Zandberg Fytsesaak út Grou, krige de radiokampanjespot ‘Grutsk op ús Greidefûgels’ trijekwart fan alle publyksstimmen. Peet Sterkenburgh fan LTO-Noord, ôfdieling Fryslân krige út hannen fan Pier Bergsma it ferneamde Grutte Pier-byldsje, de oarkonde en in sjek mei in wearde fan €750,-. Oanslutend krige Wilfried Bijma fan Merlin Produkties, de produsint fan it spotsje, it byldsje ek en de oarkonde.

Deputearre Douwe Hoogland fan u.o. Natuer, Wetter en Miljeu

Dhr. Sterkenburgh wie tige optein mei de priis en tanke eltsenien dy’t meiwurke hie oan, net allinich it spotsje, mar ek oan it projekt en de hiele kampanje ‘Grutsk op ús Greidefûgels’. Dernei tanke ek deputearre Douwe Hoogland it projektteam foar it wurk en sukses fan it projekt.

De kommisje Fryske Reklamepriis makke de ferwizing nei in útspraak fan Nelson Mandela (1918-2013): ‘As jo mei in minske prate yn in taal dy’t hy ferstiet, giet it yn syn holle. As jo mei himsels prate yn syn eigen taal, giet it yn syn hert!’

Kort fan de kommisje Fryske Reklamepriis oan it wurd

Neffens de kommisje: In nijsgjirrige reklame om boeren en meiwurkers fan leanbedriuwen op te roppen omtinken te jaan oan briedende fûgels en pykjes by it meanen fan it lân. Want as de reklame begjint, freget men jin ôf foar wa’t dizze reklame bedoeld is. Men sjocht earst in grutte trekker mei driigjende muzyk derûnder. Mar as we de fûgels en pykjes sjogge en de freonliker muzyk hearre, wurdt it al gau dúdlik. De doelgroep fan dizze reklame spilet in wichtige rol by it beskermjen fan de natuer yn it boerelân. En hja hoege it net allinnich te dwaan. De fûgelwacht docht graach mei yn it fjild.

De Fryske Reklamepriis is yn it libben brocht om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlde as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht oan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

Sjoch ek de reportaazje oer de útrikking fan de Reklamepriis fan de lokale omrop fan de Fryske Marren, Radio Spannenbrug.

Mear ynformaasje stiet op www.fryskereklamepriis.frl

foto’s: Aant Mulder

july 18, 2019 22:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.