150 deaden by skipsramp Middellânske See

july 26, 2019 04:00

Op ‘e Middellânske See is tongersdei in boat omslein mei likernôch trijehûndert minsken oan board. Fiskers koene hast 150 minsken rêde, mar de oare helte is omkommen yn ‘e weagen.

It giet om flechtlingen dy’t út Libië wei besochten om yn Europa te kommen. De measte kamen út Eritrea, sa fernijt de NOS. It bart de ôfrûne jierren faak dat flechtlingen besykje om mei wrakke skipkes de Middellânske See oer te stekken. Dat giet faak ferkeard. Al seis jier lang komme alle jierren mear as tûzen minsken om. De ramp fan tongersdei is de grutste fan dit jier.

Filippo Grande, de hegekommissaris foar de flechtlingen fan de Feriene Naasjes, hat de Europeeske Uny oproppen om wer te begjinnen mei rêdingsaksjes en om in feilige rûte fan Libië nei Europa te skeppen.

july 26, 2019 04:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.