Yn Fryslân libbet it goed

juny 13, 2019 10:35

Yn Fryslân giet it ekonomysk wat minder as yn de rest fan it lân, it opliedingsnivo leit trochstrings leger, de wurkleasheid is heger en it ynkommen leger, mar dochs libbet it neffens de ynwenners hjir goed en wurdt de leefberens heech oanslein. De grutste útdaging foar de kommende tiid is om goed mei de tanimmende fergrizing om te gean. Dat docht bliken út Leven in Fryslân, in publikaasje fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP).

Feilich en gelokkich
In grut part fan de ynwenners is tefreden mei it libben. Fan alle Nederlanners fiele de Friezen har it gelokkichst. Wat feilichheid oangiet sit Fryslân goed. De minsken ûnderfine hjir net folle oerlêst en se fiele har feiliger yn harren buert as oaren yn de rest fan it lân. De sosjale bining of it mienskipsgefoel is sterk yn ferliking mei de lanlike trochsneed. Underling fertrouwen, it dielnimmen oan frijwilligerswurk en de bining mei de buert skoare heech.

In protte grien
In soad ynwenners fan Fryslân binne wiis mei it grien en de rêst en romte yn de provinsje, dy’t fan alle provinsjes it minst beboud is. Sân persint fan it hiele oerflak bestiet mar út beboude romte. De minsken binne tige tefreden oer de wenomjouwing, In treddepart wiist der lykwols op dat it Fryske lânskip der yn de lêste fiif jier wol op efterútgien is.

Ekonomyske efterstân
Yn ekonomysk opsicht bliuwt Fryslân efter by de rest fan it lân. De provinsje draacht mar 3% by oan de lanlike ekonomyske ûntwikkeling en it bruto binnenlânsk produkt de ynwoner is yn Fryslân, nei Drinte, it leechst fan Nederlân. No’t it ekonomysk better giet binne der yn Fryslân mear banen as ea it gefal wie. Dochs is de wurkleasheid noch hieltyd wat heger as lanlik.

Mear fergrizing
Fryslân is mear fergrize as oer it hiele lân rekkene. De kommende jierren nimt it tal 65-plussers fierder ta, wylst it tal jongelju sakket. Dat hat gefolgen foar de Fryske mienskip. De krapte op de arbeidsmerk nimt bygelyks ta.

Untwikkeling âldensgroepen Fryslân, 2008-2018 en prognoaze oant 2030

Boarne: CBS, prognose provincie Fryslân, bewurking FSP

Langer thús
Benammen it tal 75-plussers nimt de kommende jierren ta. Dy wenje langer selsstannich thús en sille in tanimmend berop op profesjonele soarch en mantelsoarch dwaan. Tagelyk nimt it tekoart oan soarchpersoniel ta en nimt it tal mantelsoargers ôf. No’t senioaren langer selsstannich thús wenje, bringt dat oare easken oan wenningen mei. Benammen op it plattelân, dêr’t minder foarsjenningen binne, freget dat om oplossingen op it stik fan mobiliteit.

Ferliking mei lanlik
Leven in Fryslân jout oan ’e hân fan ferskillende tema’s ynsjoch yn hoe’t Fryslân it docht yn ferliking mei Nederlân, sawol yn sifers as wat de ynwenners der sels fan fine.

Op www.fsp.nl/leveninfryslan is de folsleine útjefte te besjen. It FSP bringt de publikaasje om it oare jier út.

juny 13, 2019 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.