Yn ferhâlding net folle troude minsken op Waadeilannen

juny 30, 2019 08:40 Fernijd

Op ’e Waadeilannen binne der opfallend net folle troude ynwenners. Op Flylân wenje yn ferhâlding de minste troude minsken. Dat konkludearret ThePerfectWedding.nl op basis fan CBS-data.

Foto: M. Sjoerd Hofstra

Op Flylân, it lytste fan de fjouwer Fryske Waadeilannen, is mar 41,6 persint fan de ynwenners troud. Op Skylge (42,4 persint) en Skiermûntseach (46,8 persint) wenje yn ferhâlding ek net folle troude minsken. It Amelân hat it grutste oandiel boaske minsken: 50,8 persint.

Yn ferhâlding de minste troude minsken yn Ljouwert
Yn Ljouwert is mar 38,8 persint fan de ynwenners troud. De gemeente, dy’t ek in hege befolkingstichtheid hat, hat dêrmei relatyf de minste troude minsken binnen de gemeentegrinzen fan hiel Fryslân.

Yn Fryslân is 48 persint fan de ynwenners troud. Yn tsien fan de achttjin gemeenten is de mearderheid fan de befolking troud. Dantumadiel is de gemeente mei yn ferhâlding in protte boaske ynwenners: 54,7 persint. Yn Tytsjerksteradiel wenje ek in protte boaske minsken neffens oare gemeenten yn de provinsje (53,3 persint).

Klik hjir foar mear ûndersyksresultaten, fisualisaasjes en kaartmateriaal.

 

juny 30, 2019 08:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.