Wurkkonferinsje ‘Hoe dan?’ biedt oplossings tsjin iensumens

juny 5, 2019 08:44

Noard-Nederlân giet de gearwurking oan

Hoe giet men om mei iensumens ûnder âlderen? Wat kin men dwaan? Hoe wurdt men sels âld sûnder iensumens? Mear as de helte fan de minsken âlder as 75 jier seit him iensum te fielen. Op moandei 3 juny waard yn it ramt fan it aksjeprogramma ‘Eén tegen eenzaamheid’ fan it ministearje fan VWS de wurkkonferinsje ‘Hoe dan?’ holden yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Gemeenten, inisjatyfnimmers, frijwilligers en âlderen út Fryslân, Grinslân en Drinte moeten inoar om mei-inoar oan nije oplossings te wurkjen yn de striid tsjin (driigjende) iensumens by âlderen.

Foto: Marc Henri Queré

Hoe dan? Sa dus!
De konferinsje bea tsientallen foarbylden fan wat der yn (Noard-)Nederlân al tsjin iensumens dien wurdt. Yn in libben UP! praatsjoo dielden âlderen harren ûnderfinings mei de seal. Jan van der Wal (83) fertelde hoe’t er himsels yn it nekfel pakte en op syk gie nei selskip. En syn nije leafde fûn. Foppe de Haan, ambassadeur fan Ien tsjin iensumens, beklamme de rol fan sport as it om moetsjen giet. Op de konferinsje stie sintraal hoe’t âlderen sels inisjatyf nimme kinne om harren posysje yn de maatskippij te feroarjen. Yn 22 wurksesjes waard mei it publyk wurke oan oplossings tsjin iensumens.

Mei-inoar ien tsjin iensumens
De wurkkonferinsje is in inisjatyf fan it ministearje fan VWS yn gearwurking mei FNO, dat mei it programma ‘Meer Veerkracht Langer Thuis’ mear as hûndert projekten realisearre hat oangeande beweging en iensumens en kwetsbere âlderen. UP! – in lanlike beweging oangeande âlder wurden – tekene foar de gearstalling fan it programma en de realisaasje.

Mei it aksjeprogramma ‘Ien tsjin iensumens’ wol de oerheid de trend fan iensumens ûnder âlderen yn Nederlân trochbrekke. De oerheid wurket dêrfoar gear mei in protte lokale partijen.

juny 5, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.