Wêrom’t heiten wurkje en memmen itensiede

juny 7, 2019 21:04

It wurdt wol in tradisjoneel rollepatroan neamd: heiten dy’t alle dagen fuort binne om te wurkjen en memmen dy’t de bern grutbringe, húshimmelje en itensiede. It is ek wol in tradysje, mar net ienris sa’n âldenien. Heiten binne yn ’e njoggentjinde ieu troch druk fan ’e tsjerke, fan ’e oerheid en fan it ûnderwiis ta de hûs út jage om te wurkjen. Dat sizze ûndersikers fan it Belgyske ûndersyksynstitút AVG.

“We merken dat in de negentiende eeuw de vader- en moederrollen sterk uit elkaar worden getrokken”, seit ûndersykster Els Flour. “Niet dat in de eeuwen ervoor de taken van mannen en vrouwen identiek waren, maar ze waren wel beiden actief op de twee fronten: de zorg voor de kinderen en het gezinsinkomen.”

Skoalle

Neffens de ûndersikers is de feroaring in gefolch fan de yndustriële revolúsje. Yn ‘e eardere boeremaatskippij wurken minsken almeast op it eigen hiem of se wennen op it hiem fan harren wurkjouwer. Mei it opkommen fan ‘e fabriken moasten minsken fan ‘e pôle ôf om te wurkjen. Tagelyk ûntstie de arbeidersbeweging, dy’t focht tsjin de minne libbensomstannichheden fan in protte minsken.

“Op dat moment komen veel dingen samen”, seit frou Flour. De medyske wittenskip rjochtet him foaral op froulju mei it boadskip hoe’t se de bern sûn grut wurde litte kinne. Hygiëne, goed iten en goede soarch krije rom omtinken en froulju wurdt ferteld hoe’t se dêrmei rêde moatte. Op skoalle leare famkes al de feardichheden oan om goed foar de bern te soargjen en om húshâldlike taken út te fieren.

Taakferdieling

Dat benammen de froulju oansprutsen wurde, komt oan ’e iene kant trochdat de wittenskip allegear ferskillen tusken manlju en froulju ûntdiek. Wittenskippers loeken de konklúzje dat froulju neffens harren belangstelling en karakter by útstek geskikt wiene om foar in feilich en noflik thús te soargjen. Dat paste by it idee fan ’e kristlike tsjerken, dy’t manlju en froulju beskôge as in oanfolling faninoar, elk mei oare eigenskippen. Manlju waarden sjoen as tûker, froulju as moreler, soarchsumer en handiger.

Wylst it mem-wêzen net langer wat wie foar derby, waard de man stadichoan wat fersoarger-ôf trochdat er oerdeis fan ’e pôle wie om te wurkjen. Benammen de soarch foar lytse bern waard foarsteld as in frouljustaak. Troch de arbeidersbeweging waard by manlju just de klam lein op sosjale foarútgong: jonges moasten leare om foarút te kommen en foar de húshâlding soargje te kinnen. Hja moasten harren ûntwikkelje, in fak leare en soargje dat hja foarút kamen yn it libben.

Unhandige manlju

De tarieding fan famkes op it mem-wêzen wie op allegear manieren sichtber. In goed foarbyld is de ûntwikkeling fan boarterspoppen. Foar de njoggentjinde ieu stelden dy almeast folwoeksenen foar, mar no krigen se faak it uterlik fan bern. It is dan ek gjin tafal dat yn it Frysk it wurd foar in lyts bern en foar it bekende boartersguod allebeide pop wurden is.

It byld fan de ûnhandige man, dy’t net by steat is om in bern yn ’e ruften te lizzen of in popke te fuorjen, is ek yn de njoggentjinde ieu ûntstien. Dat jildt ek foar it byld fan de strange heit, dy’t de bern jûns strafte foar wat se misdien hiene doe’t hy oan it wurk wie. Wylst de memmerol hieltyd mear wurdearring krige, sakke de wurdearring foar heiten. Manlju wiene net yn it foarste plak heit, mar kostwinner wurden.

Boargerij en arbeidersminsken

Dy nije taakferdieling dy’t de minsken foarhâlden waard as de bêste en moreelste, krige in soad oanhing by de middenstân en oare boargerij. Dêr wurke it prima as allinnich de heit foar ynkommen soarge. Yn de arbeidersklasse waard der ek wol nei stribbe, mar it wie gewoan te djoer. Frou Flour seit: “Ook al was de norm duidelijk, toch gingen de meeste vrouwen in de negentiende eeuw werken.”

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it boekje Moeders en vaders: geen vanzelfsprekende gelijkheid. It boekje is fergees as pdf-bestân te besetten troch op dizze link te klikken.

juny 7, 2019 21:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.