Waarpraatsje: Wykein mei twa gesichten

juny 14, 2019 18:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in waarme dei mei wat rein, mar ek flink wat sinne. It waar yn it wykein lit him fan twa kanten sjen.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn en letter yn ‘e nacht set it op in reinen. By in swakke oant matige wyn út it noardwesten wurdt it 13 graden.

Sneon reint it earst in skoft mar yn ‘e middei wurdt it drûch en binne der ek opklearringen. Der kin dan noch wol in bui falle. De wyn komt earst út it noarden en is swak oant matich. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it westen. Snein sjogge wy de sinne wat mear, bliuwt it sa goed as drûch en leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Begjin takomme wike is it waarm en drûch simmerwaar.

Jan Brinksma

juny 14, 2019 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.