Waarpraatsje: Woansdei op ’e nij rein

juny 11, 2019 19:14

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat tiisdei folle mear reind as ferwachte waard. It gebiet mei rein aktivearre krekt boppe ús provinsje. Foaral yn it súdwesten fan Fryslân foel yn ’e moarntiid hiel wat wetter. Op guon plakken hast 30 milimeter. Trije amers de fjouwerkante meter! It sil woansdei op ’e nij reine.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei rekket de loft berûn en letter set it op in reinen. Hoe let oft dat krekt barre sil is noch lestich te sizzen. By in swakke noardewyn wurdt it 12 graden.

Woansdei reint it in skoft, mar letter op ’e dei binne der ek inkelde opklearringen. Yn ’e jûn is der wer kâns op in bui. De wyn is swak oant matich en komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Nei woansdei bliuwt it ritich, mar it is wol oan de mylde kant.

Jan Brinksma

juny 11, 2019 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.