Waarpraatsje: Tropenacht

juny 24, 2019 19:09

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in tige waarme simmerdei. Yn it grutste part fan Fryslân waard de tropyske grins fan 30 graden helle. Wy krije ek in tige waarme nacht en tiisdei is it earst ek noch hiel waarm.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar der is ek (wat) hege bewolking. It bliuwt moandeitejûn noch hiel lang waarm en by in matige easte- oant súdeastewyn wurdt it yn ‘e nacht net folle kâlder as 20 graden.

Tiisdei is der in soad sinne mar ek hege bewolking. De matige wyn komt út it súdeasten. It kin op ‘e nij goed 30 graden wurde, mar yn ‘e rin fan ‘e middei giet de wyn nei it westen oant noardwesten en kuollet it flink ôf.

Woansdei, tongersdei en freed bliuwt it kreas simmerwaar mei in temperatuer om de 23 graden hinne. In stik nofliker!

Jan Brinksma

juny 24, 2019 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.