Waarpraatsje: Tiisdei op ’e nij waarm

juny 3, 2019 18:50

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part, skiere moandei is der tiisdei sa út en troch wer wat sinne. It wurdt yn elts gefal in waarme simmerdei.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. By in swakke oant matige súdeastewyn leit de tempertuer om de 10 graden hinne.

Tiisdei is der sa út en troch sinne, mar yn ‘e rin fan ‘e dei nimt de kâns op in bui ta. Yn ‘e jûn kinne dat buien mei tonger en wynstjitten wêze. De matige wyn komt út it súdeasten en letter út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit, nei alle gedachten, tusken de 20 en 26 graden.

Woansdei wurdt it wer in hiel stik frisser.

Jan Brinksma

juny 3, 2019 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.