Waarpraatsje: Tiisdei berûne loft

juny 10, 2019 16:26

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar foel mei de pinksterdagen hiel wol mei, al stie der moandei wol in flink stik wyn. It bliuwt foarearst ritich.

Jûn en yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is der kâns op in rein- of tongerbui. Letter binne der, nei alle gedachten, ek noch wat opklearringen en soe der op guon plakken wat damp ûntstean kinne. De noardeastewyn wurdt swak oant matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Tiisdei is de loft foar it grutste part berûn en yn ‘e middei kin der wer in bui falle. By in swakke oant matige noardewyn leit de temperatuer tusken de 17 en 20 graden.

Woansdei sille wy de sinne ek net folle sjen, it bliuwt boppedat net drûch en de temperatuer leit krekt ûnder de 20 graden.

Jan Brinksma

 

juny 10, 2019 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.