Waarpraatsje: Tige waarm wykein

juny 28, 2019 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De loft wie freedtemoarn earst berûn, mar it waard lerter in strieljende en noflike simmerdei. Yn it wykein krije wy op ‘e nij tige waarm waar.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De wyn komt út it easten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Sneon skynt de sinne hast de hiele dei. De swakke wyn komt út it súdeasten. De temperatuer leit tusken de 25 en 31 graden. Yn ‘e nacht fan sneon op snein wurdt it net folle kâlder as 18 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Der is in bytsje mear bewolking en it wurdt wat minder waarm.

Nei it wykein bliuwt it kreas simmerwaar. De temperatuer leit dan om de 20 graden hinne en in dripke rein is net hielendal útsletten.

Jan Brinksma

juny 28, 2019 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.