Waarpraatsje: Snein drûch

juny 8, 2019 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in stoarmige sneon mei op guon plakken yn Fryslân ek oerlêst sjocht it der foar de pinksterdagen wat better út, mar simmer wurdt it net.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein binne der opklearringen en bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. De súdwestewyn jout him del en wurdt swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Snein wikselje sinne en bewolking inoar ôf en it bliuwt drûch. De súdwestewyn is swak oant matich. Yn ‘e jûn giet de wyn nei it noardeasten. De temperatuer leit tusken de 17 en 20 graden.

Twadde pinksterdei sil de sinne minder te sjen wêze en kin it sa út en troch wat reine. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich.

Jan Brinksma

juny 8, 2019 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.