Waarpraatsje: Op ’e nij kâns op tonger

juny 5, 2019 18:39

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei flinke tongerbuien yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is der op ‘e nij kâns op tonger. It bliuwt foarearst ûnstabyl.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei falle der flinke rein- en tongerbuien miskien wol mei hagel en wynstjitten. De wyn giet fan it súdwesten nei it westen en hellet tydlik oan. De temperatuer leit tusken de 10 en 15 graden.

Tongersdei is de loft earst berûn en it kin noch wat reine. Letter binne der ek (flinke) opklearringen. De matige wyn giet fan it westen nei it súdwesten. It wurdt 18 graden.

Freed wurdt it wer in waarme dei mar it bliuwt ek dan, nei alle gedachten, net hielendal drûch.

Jan Brinksma

juny 5, 2019 18:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.