Waarpraatsje: Oanhâldend simmersk, mar ûnstabyl

juny 2, 2019 18:30

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy hawwe in simmersk wykein mei in soad sinne efter de rêch. Sneon waard it goed 20 graden mar op snein wie it yn Ljouwert en ek op Flylân hast tropysk (30 graden of mear). Fan moandei ôf wurdt it wat minder waarm mei kâns op rein of buien.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft hieltyd mear berûn en kin der in bui, miskien wol mei tonger, falle. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it mei 15 graden in tige mylde nacht.

Moandei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. Yn ‘e middei binne der ek opklearringen. De wyn komt út it súdwesten en is matich. De temperatuer leit tusken de 16 en 21 graden.

Tiisdei wurdt wer in waarme dei, mar drûch bliuwt it, nei alle gedachten, net.

Jan Brinksma

juny 2, 2019 18:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.