Waarpraatsje: Kâns op (tonger)buien

juny 4, 2019 19:01

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in suver wat neare tiisdei is der kâns op inkelde (tongerbuien). It bliuwt boppedat oan de waarme kant.

Jûn en fannacht is de loft foar it grutste part berûn en kinne der inkelde (tonger)buien falle, miskien wol mei swiere wynstjitten. De swakke oant matige wyn komt earst út ferskate rjochtingen en giet letter nei it suden oant súdwesten. It wurdt yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei net folle kâlder as 15 graden.

Woansdei is de loft berûn, al is wat sinne net útsletten. Der bliuwt kâns op in bui. By in swakke oant matige wyn út ferskate rjochtingen leit de temperatuer tusken de 17 en 22 graden.

Tongersdei leit de temperatuer krekt ûnder de 20 graden en bliuwt it ek net drûch.

Jan Brinksma

juny 4, 2019 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.