Waarpraatsje: Gewoan simmerwaar

juny 30, 2019 19:08

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in simmerwykein mei in tige waarme sneon (Ljouwert 30 graden en yn ‘e nacht fan sneon op snein 20,2!) en in minder waarme snein mei ek mear bewolking. It tige waarme waar komt foarearst net werom.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 15 graden.

Moandei is de loft berûn en in dripke rein is net hielendal útsletten. De westewyn is matich, boppe de Iselmar frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich. It wurdt net folle waarmer as 18 graden.

De oare dagen fan ‘e wike wikselje bewolking en sinne inoar ôf. De temperatuer leit alle dagen om de 20 graden hinne. Noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

juny 30, 2019 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.