Waarpraatsje: Freed waarm mei tonger

juny 6, 2019 18:30 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in nacht mei op ‘e nij (tonger)buien wie it tongersdei in wat minder waarme dei. Freed wurdt it wer simmersk en mei ek wer tongerbuien.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder. De swakke oant matige wyn giet nei it súdeasten oant easten. It wurdt 10 graden.

Freed skynt de sinne earst flink, mar yn ‘e middei komme der tongerbuien, miskien wol mei (swiere) wynstjitten. De wyn komt út it súdeasten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. De temperatuer leit tusken de 21 en 24 graden.

Yn it wykein is it wer wat minder waarm en bliuwt it wat ritich.

Jan Brinksma

juny 6, 2019 18:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.