Waarpraatsje: Freed tonger, sneon in soad wyn

juny 7, 2019 18:35

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wurde freed en sneon rûge dagen. Yn ‘e rin fan freed falle der flinke tongerbuien (koade oranje) en sneon stiet der in hiel soad wyn.

Freed falle der yn ‘e rin fan ‘e middei en ‘e jûn der flinke tongerbuien, miskien wol mei hagel en (swiere) wynstjitten. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Yn ‘e nacht fan sneon op snein binne der earst opklearringen, mar letter rekket de loft berûn en kin der in bui falle. De sudewyn hellet stadichoan flink oan en wurdt frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Boppedat is der kâns op (swiere) wynstjitten. It wurdt 12 graden.

Sneon is de loft foar it grutste part berûn en falle der inkelde buien. Yn ‘e rin fan ‘e dei binne der ek opklearringen. De súdwestewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. Der is op ‘e nij kâns op (swiere) wynstjitten. Mei 15 graden is it oan de kâlde kant.

Mei de pinksterdagen sjocht it der allegear wat better út.

Jan Brinksma

juny 7, 2019 18:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.