Waarpraatsje: Freed mear sinne

juny 27, 2019 18:10

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hie it tongersdei yn Fryslân hiel dreech. Yn ‘e rin fan ‘e middei wie der lang om let sa út en troch in glimp. te sjen. Freed is der, nei alle gedachten, mear sinne.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.

Freed is de loft earst berûn mar geandewei soe de sinne stadichoan te sjen wêze moatte. By in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it tusken de 19 en 24 graden. Die temperaturen binne wol ôfhinklik fan de sinne.

It wykein sjocht der goed út. Sneon wurdt it tige waarm en snein sakket de temperatuer wer in bytsje.

Jan Brinksma

juny 27, 2019 18:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.