Waarpraatsje: Freed frij waarm

juny 13, 2019 19:20

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in kreaze dei, mar der wie folle minder sinne as ferwachte waard. Yn ‘e middei foel der op guon plakken in bui. Freed is it oan de waarme kant.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed kin der earst noch in (tonger)bui falle, mar letter binne der ek opklearringen. De wyn komt út it súdeasten en is swak oant matich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de wyn nei it suden. It wurdt 10 graden.

Freed is de loft berûn en kinne der wat buien, miskien wol mei tonger, falle. Yn ‘e middei sil de sinne grif ek noch te sjen wêze. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer tusken de 19 en 23 graden. By de kust lâns kin it, troch wyn fan see, minder waarm wurde.

Yn it wykein is it ek noch ritich. Sneon bliuwt it net drûch, mar snein sjocht der better út.

Jan Brinksma

juny 13, 2019 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.