Waarpraatsje: Earst noch ritich

juny 12, 2019 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau woansdei lang drûch yn Fryslân, mar yn ‘e middei foel der dochs wat wetter. Yn it suden fan Nederlân wie it in (tige) wiete dei. It bliuwt noch in pear dagen ritich.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei binne der opklearringen. De sudewyn wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar (frij) krêftich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne, mar der is ek (wol wat) bewolking. Yn ‘e jûn is der wer kans op in (tonger)bui. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 16 en 19 graden.

Freed bliuwt it, nei alle gedachten, net drûch, mar it wurdt wol goed 20 graden.

Jan Brinksma

juny 12, 2019 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.