Waadhoeke wol gau aksje húsfêsting arbeidsmigranten

juny 28, 2019 15:54

De wurkgroep dy’t yn Waadhoeke alles wat mei de húsfêsting fan arbeidsmigranten bestudearre hat, hat syn advys útbrocht. It kolleezje fan B&W stelt no de gemeenteried foar om dat advys oer te nimmen. It kolleezje wol dat der gau aksje ûndernommen wurdt en freget de ried om dêr op 11 july in beslút oer te nimmen en foar de kommende jierren € 275.000,- beskikber te stellen.

Om de doarpen leefber te hâlden advisearret de wurkgroep om fêst te hâlden oan de 1%-noarm foar doarpen en wiken en 10% foar strjitten. Dat hâldt yn dat op syn heechsten 1% fan de huzen yn wiken en doarpen en 10% fan de huzen yn in strjitte keamergewiis ferhierd wurde meie. Arbeidsmigranten dy’t foar langere tiid bliuwe moatte leafst yn de kearnen wenje en foar dy’t mar koart bliuwe moat wenromte komme op de hiemen fan de wurkjouwers oan de rânen fan doarpen of wiken, oant akkomodaasjes fan 50 persoanen. Oanmetten wurk moat kinne as dêr yn de doarpen of wiken draachflak foar is.

juny 28, 2019 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.