Waadhoeke set yn op 100% dekking AED-netwurk

juny 21, 2019 16:28

Waadhoeke wol dat it reanimaasjenetwurk de hiele gemeente bestrykt. Dat hâldt yn dat yn alle kearnen fan de gemeente der yn gefal fan need op rekkene wurde kin dat yn seis minuten in reanimaaasje-boargerhelpferliener (r-bhv’er) en in Automatyske Eksterne Defibrillator (AED) is. Om dat foarinoar te krijen hawwe B&W en gemeenteried in subsydzjeregeling foar doarps- en wykbelangen yn it libben roppen.

Wethâlder Boukje Tol: “By in hertstilstân nimt de kans op oerlibjen hurd ôf. Nei seis minuten is der grutte kâns op bliuwende harsenskea. It is dus fan libbensbelang dat der yn minder as seis minuten in r-bhv’er mei in AED is om te reanimearjen!” Op dit stuit is dy kapasiteit der net. Dêrom is der jild beskikber om dat te berikken.

Om it AED-belied útfiere te kinnen wurket de gemeente gear mei stichting Reanimatieonderwijs Noordwest-Fryslân. Dy is partner fan HartslagNU. Om foar in gemeentlike bydrage yn ’e benaming te kommen, moatte de AED’s en de r-bhv’ers dêrby oanmeld wêze. Op dy wize binne it ûnderhâld oan de AED’s en de reanimaasjefeardichheden fan de r-bhv’ers goed yn byld.

De subsydzjeregeling stiet op  https://zoek.officielebekendmakingen.nl/gmb-2019-140993.html

juny 21, 2019 16:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.