Waadhoeke kiest foar de eigen taal (talen)

juny 8, 2019 12:50

Ynstjoerd

Foar harmonisaasje én normalisaasje!

Frysktalige plaknammen wurde hieltyd gewoaner. Dochs binne der noch inkelde politisy dy’t it âlde hanthavenje wolle. Faak mei as argumint: In Nederland is de taal Nederlands! Dat wie om 1900 hinne absolút de gewoane sitewaasje. Troch globalisaasje binne de Friezen noch meartaliger wurden as dat se al wienen. Soks hyt rykdom en dat is moai. Dêrby tinke wy ek hieltyd better om ús eigen taal en kultuer. Somtiden komt de diskusje oer Frysktalige plaknammen lykwols wer op en moatte wy sjen nei wat wiisheid is.

Yn 1989 namen de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel it foartou en keazen foar Frysktalige plaknammen yn de Gemeentlike Basis Administraasje (GBA). In protte oare gemeenten folgen. Yn 2010 keas de mearderheid fan de gemeenteried fan Menameradiel (as 8e gemeente) foar it offisjeel fêstlizzen fan Frysktalige plaknammen yn de GBA. Hoewol’t Fryslân hieltyd mear bewust wurdt fan miskien wol syn grutste kulturele erfskip, de Fryske taal, laait de diskusje oer Fryske plaknammen hieltyd wer op. By dy diskusje wurde faak arguminten neamd dy’t gjin jildichheid hawwe (as men mar op de hichte wêze soe).

No hat de gemeente Waadhoeke wer deselde diskusje. Moatte se der no wer achterkomme dat der soksawat as in Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen en Minderheidstalen bestiet? Dat der in Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden bestiet? En dat der jurisprudinsje bestiet dêr’t yn stiet dat harmonisaasje in logysk gefolch is? Los fan alle ferdraggen en jurisprudinsje bestiet der ek noch it gelykheidsbegjinsel. Wêrom hawwe Frysktaligen yn de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel mear rjochten as de Frysktaligen (en Bilts- en Stedstaligen) út de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel en It Bilt? Lyk rjocht foar elk!

Mar wat wolle wy as Frije Fryske Grûn? Wy fine it belangryk dat ús grutste kulturele erfskip (en meast ûnderskiedende!) rjocht dien wurdt. Wy binne grutsk op ús eigen taal en wy fine dat ús taal (talen) fanselssprekkend wêze moat, ek op de kombuorden!. Wy witte ek al dat se ús ekonomy en eigenheid te’n goede komme. Dus, wêr wachtsje wy noch op? En it argumint “oars kinne se ús doarpke net mear fine” is anno 2019 swier achterhelle (oars neat as kroechpraat).

Frije Fryske Grûn

juny 8, 2019 12:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.