Van der Weijden swimt Alvestêdetocht út

juny 24, 2019 21:13

Maarten van der Weijden (foto: Omrop Fryslân)

Maarten van der Weijden hat de Swimalvestêdetocht fan hast 200 kilometer nei 74 oeren ta in goed ein brocht. Om 19.29 oere kaam er moandeitejûn oan by restaurant De Grote Wielen by Ljouwert. In grutte kloft boaten en boatsjes fear it lêste ein mei him op. De tachtich meiswimmers foarmen steande yn it wetter in soarte fan earehage dêr’t er tuskentroch nei de wâl swom.

Van der Weijden gie ferline wike freed om healwei seizen los yn de Swettehaven yn Ljouwert foar syn lange swimtocht om jild op te bringen foar ûndersyk nei kanker. Op wat knipperkes fan in pear oeren nei hat er hast kontinu trochswommen.

Ferline jier besocht Van der Weijden de tocht ek te folbringen. Dat slagge doe net. Doe’t er doe útstapte, stie de teller op in bedrach fan 2,5 miljoen euro. It waard úteinlik 5 miljoen. It bedrach fan dit jier wurdt letter bekend makke.

Nei omstannichheden giet it prima mei Van der Weijden, seit de Alvestêdeswimmer sels koart nei syn finish. “Ik heb vorig jaar best wel geleden, maar ik heb dit jaar heel erg genoten.” En dat kaam foar in grut part troch de minsken lâns de kant: “Dat ik zo genoten heb, komt voornamelijk door jullie enorme enthousiasme.”

Boarne: Omrop Fryslân

juny 24, 2019 21:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.