Utnûging útrikking D.A. Tammingapriis 2019

juny 18, 2019 08:23 Fernijd

Jo wurde útnûge foar de útrikking fan de D.A. Tammingapriis op freedtemiddei 21 juny om 15.30 oere by Tresoar, Gysbert Japicxseal, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. De D.A. Tammingapriis sil foar de tredde kear útrikt wurde, diskear foar it bêste proazadebút sûnt 2014. Baukje Zijlstra kriget de priis foar har debútroman De koma-korrektor.

Tresoar (foto: Jan Kalma)

De koma-korrektor
De D.A. Tammingapriis is ornearre foar Fryske literêre debuten, om bar foar proaza en poëzij. Der is in bedrach mei anneks fan € 3000. De Stifting FLMD kin de priis útrikke tanksij it Tamminga-Piebengafûns. It inisjatyf foar de priis naam de stifting doe’t de Provinsje Fryslân syn debutantepriis (de Fedde Schurerpriis) ôfskafte; foar in kwetsbere literatuer as de Fryske binne debuten lykwols fan grut belang. Eardere priiswinners fan sawol de Fedde Schurerpriis as de D.A. Tammingapriis binne fansels allegearre útnûge foar dizze feestlike útrikking.

De sjuery bestie út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet.

Jo binne frij om mei te nimmen wa’t jo wolle. Graach al efkes yn ’t foar jo komst melde by Lysbert Bonnema fan Tresoar (lysbert.bonnema@tresoar.nl).

Boeken fan Fryslân fersoarget in boeketafel.

It program fan de middei sjocht der sa út:

  • 15.30 oere ynrin
  • 16.00 oere wurd fan wolkom
  • Muzikaal yntermezzo: Inez Timmer
  • Alian Akkermans fertelt oer de befiningen fan de sjuery
  • Oerlangjen fan de oarkonde
  • Baukje Zijlstra lêst in fragmint út De koma-korrektor
  • Muzikaal yntermezzo: Inez Timmer
  • Ofsluting fan it formele part
  • Gelegenheid om Baukje lok te winskjen
  • Neisit mei in hapke en in drankje
juny 18, 2019 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.