Uthongere iisbear swalket 1.500 kilometer fan hûs ôf

juny 19, 2019 08:57

Ynwenners fan de Russyske yndustrystêd Norilsk koene harren eagen net leauwe doe’t se in iisbear omswalkjen seagen. It bist, ôfkomstich fan in eilân yn de Karasee, hie der nei alle gedachten al in reis fan sa’n 1.500 kilometer op sitten en wie op syk nei iten.

Foto: pixabay.com

Bewenners fan de bûtenwyk Talnahk fan Norilsk, in grutte yndustrystêd 300 kilometer benoarden de noardpoalsirkel, seagen de iisbear omswalkjen en nei iten sykjen. De iisbear is wierskynlik it skiereilân Taymyr oerstutsen.

It bist hat dúdlik honger, kin hast de eagen net iepen hâlde en is hast net mear by steat om te rinnen, sizze tsjûgen. De iisbier swalke om yn in yndustrysône en op in ôffalbult. Neffens lokale media wurdt it bist nei alle gedachten oerbrocht nei in bistetún yn de stêd Krasnoyarsk, mar guon bewenners pleitsje derfoar om it bist ûnder ferdôving werom te bringen nei syn fertroude omjouwing.

It is noch mar de twadde kear yn mear as fjirtich jier dat yn de stêd in iisbear oantroffen wurdt. De earste kear wie yn 1977. Doe teheistere in hongerige en agressive froulike iisbear de bûtenwiken fan Norilsk. It bist is doe deasketten om’t de situaasje te gefaarlik waard foar de bewenners.

Besjoch in filmke fan de iisbear op YouTube.

juny 19, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.