Underwiiskongres WOW Meartalich: Oan ’e slach mei… ynspiraasje!

juny 20, 2019 09:00

foto Cedin

Us meartalige wrâld freget om spesifike begelieding fan learlingen by it trochûntwikkeljen fan harren taalfeardichheid. Dat ûnderwerp stie juster sintraal by WOW Meartalich, it kongres oer meartalich ûnderwiis, dat dit jier foar de fyfde kear holden waard yn it Adverium te Drachten.

Wow Meartalich luts dit jier wer sa’n hûndert learkrêften, dosinten, direksjes, studinten en oare belangstellenden út foarskoalsk-, basis- en fuortset ûnderwiis. It kongres wurdt jierliks organisearre troch it konsortsium fan Afûk, de lektoraten Frysk en Meartaligens en Taalgebruik en Leren van NHL/Stenden en Cedin.

It tema wie dit jier: Oan ’e slach mei… ynspiraasje! Skoallen leare hieltyd better nei te tinken oer it plak fan meartaligens yn harren ûnderwiis. Neist de metoadyske oanpak, ûntsteane der in soad nije inisjativen, wêrby’t de taal en meartaligens ek mear doel wurdt by oare fakken en aktiviteiten. Utgongspunt is dan: funksjoneel taal brûke.

Op dit kongres waarden der tal fan ynspirearjende foarbylden fan meartaligens út ‘e ûnderwiispraktyk presintearre. Yn de ferskillende wurkwinkels koene de oanwêzigen oan ’e slach mei ûnder oare ‘Teaterlêzen’, ‘Taalrijkdom herkennen’, ‘Energizers en Oppeppers’, ‘Het ontwerpen van een CLIL les’, ‘Taal fan myn hert’ en ‘Verdwalen in Verhalen’.

De plenêre lêzing troch Kirstin Plante en Carmen Meester, beide ferbûn oan Dynamic Language Learning (foarhinne TPRS Academy) gie oer ‘Ynspirearje en ferbine’. Mei mear romte foar it Frysk stiest faak tichter by dyn learlingen en prikelest harren yntrinsike motivaasje. Mei de wurkfoarm ‘Stjer fan ’e wike’ yn it Spaansk, fielde elkenien himsels wer efkes learling en hoe’t it is om op eigen nivo mei te dwaan oan in petear.
Spesjaal omtinken wie der ek noch foar de presintaasje fan it nije jubileumboek fan Lida Dijkstra It Spûkskip. It earste eksimplaar waard har oanbean troch Ernst Bruinsma fan de Afûk. Tagelyk waard meidield dat Lida Dijkstra de kommende twa jier ambassadeur fan it berneboek wêze mei. Dat betsjut dat hja skoallen, learlingen en studinten advisearje wol as it giet om Fryske taal en berneliteratuer.

“Het was echt een superinspirerende middag, ik zit vol met nieuwe energie!”, sei ien fan de dielnimmers. “Set my drekst mar op ’e list foar takomme jier. Ik bin der wer by!”, liet in oare dielnimmer de organisaasje witte.

juny 20, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.