Undersyk: Nederlanner foar behâld feangreidelânskip

juny 28, 2019 08:33

Leaver de ko yn it gers as de stekmich yn ’e sompe

Trijefearn fan de Nederlanners fynt it wichtich dat de feangreidegebieten behâlden bliuwe. Om’t it kultuerhistoarysk lânskip mei kij yn ’e greide by Nederlân heart, it wichtich is foar boeren, mar ek om te rekreëarjen. It alternatyf – sompich lânskip – wurdt net as oantreklik sjoen. Dat docht bliken út represintatyf ûndersyk nei it draachflak foar feangreidegebieten ûnder 1.024 Nederlanners, útfierd troch ûndersyksburo Direct Research.

Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

Troch boaiemdelgong, klimaatopjeften en ferstedsking stiet it Nederlânske feangreidelânskip ûnder druk. Direct Research hat dêrom yn opdracht fan LTO ûndersocht wat de Nederlânske boarger fan it feangreidegebiet fynt, hokker oplossingsrjochtings dy sjocht en hoe’t de ferantwurdlikheden fan bygelyks de oerheid, natuerorganisaasjes en boeren sjoen wurde.

Grutte stipe foar behâld feangreidelânskip
Trijefearn (73%) fan de Nederlanners fynt it behâld fan it Nederlânske feangreidelânskip sa’t it no is, tige wichtich. Bygelyks om’t it by Nederlân heart (52%), om’t it wichtich is foar boeren (44%), om’t Nederlanners it alternatyf net oantreklik fine (28%) en om’t se de lânskippen wichtich achtsje foar toerisme en rekreaasje (25%). Mar 5% sjocht it behâld (tige) net-wichtich.

Feangreideproblematyk is driuwend, mar fereasket yngreven ûndersyk
Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat mar fjouwer op de tsien Nederlanners mei de feangreideproblematyk bekend binne. Nei it lêzen fan in situaasjeskets sjogge goed acht fan de tsien de kwestje as driuwend. Tagelyk is de Nederlânske boarger hoeden om fluch te hanneljen – dat soe drastyske en ûnomkearbere gefolgen foar it Nederlânske lânskip hawwe kinne. 80% pleitet der dêrom foar om earst yngreven ûndersyk te dwaan, wylst mar alve persint foar aksje op koarte termyn is.

Kij yn ’e greide
De Nederlânske befolking hechtet in protte wearde oan de rol fan de boer yn it feangreidegebiet. Twatredde is fan miening dat kij yn ’e greide by it feangreidelânskip hearre. Boeren moatte dan ek de romte krije om harren bedriuw te fieren (66% iens, 8% net iens), sûnder dat se ferplichte wurde om nei (wiete) plantetylt om te skeakeljen (64%).

Nederlanners fine it boppedat wichtich dat de boer yn it feangreidegebiet heard wurdt. 78% jout oan dat de hjoeddeiske brûkers oer de takomst meibeslisse moatte kinne; inselde persintaazje jout oan dat boeren folslein kompensearre wurde moatte by eventuele feroarings.

De rekken fan de nedige ynvestearrings moat net op de bewenners of boeren ôfskood wurde – dy rol is foar de oerheid (Ryk, wetterskippen, provinsjes en gemeenten) en natuerorganisaasjes.

Lokale oanpak
LTO pleitet út namme fan de feangreideboeren foar in op it gebiet rjochte oanpak, dêr’t de bewenners en brûkers fan it gebiet sels oplossings en maatregels by oandrage kinne. Dêrmei wurdt it draachflak grutter makke en is der each foar de grutte ferskillen tusken de feangreidegebieten.

Yn ’e hjerst fan 2019 wurde dêrom troch LTO Noard trije wurkgearkomsten organisearre yn de wichtichste feangreidegebieten yn Nederlân. Dêr wurdt, yn ’e mande mei de publike en private partijen, yn op ’e syk gien nei de bêste oanpak foar in gebiet.

It folsleine ûndersyk fan Direct Research is hjir te finen.

juny 28, 2019 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.