Undernimmersdei Ljouwert

juny 4, 2019 06:55

foto © Bertil van Beek fotografie

De gemeente Ljouwert hat mei 8.2% fan de befolking in soad zzp’ers. Soks docht bliken út it ûndersyk fan ‘Waar staat je Gemeente’ (2017) fan de feriening fan Nederlânske gemeenten VNG. De gemeente, de Rabobank, Interpolis en Startersdagen.com wolle sokke ûndernimmers graach foarúthelpe. Dêrom organisearje dy op 12 juny foar de tredde kear in ûndernimmersjûn, dy’t holden wurde sil yn de NHL Stenden Hegeskoalle.

Nei de foarige ûndernimmersdei bliek út in ûndersyk ûnder de dielnimmers dat de measten selsstannich wurden binne omdat se mear frijheid hawwe wolle. De ynformaasjemerk op de ûndernimmersdei wie foar harren in nijsgjirrige en learsume mooglikheid om mei kollega’s dy’t ek foar in selsstannich bestean keazen hiene te netwurkjen.

Op sa’n jûn jouwe ûndernimmers mei ûnderfining út de eigen regio tips en advizen, mar se wize ik op gefaren en risiko’s. Foar bedriuwen dy’t al wat langer selsstannich binne en dy’t oan in nije stap ta binne is soks ek fan belang. Se kinne bygelyks in workshop folgje oer netwurkjen, akwisysje en finansierjen of oan ien fan de ynspiraasjesesjes meidwaan.

Alle ynformaasje is te finen op www.startersdagen.com/leeuwarden2019.

juny 4, 2019 06:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.