Tsien jier ferplichte taaltoets Lúksemburchsk

juny 4, 2019 12:01

Wa’t it Lúksemburger steatsboargerskip hawwe wol, moat Lúksemburchsk behearskje. Benammen taalorganisaasje INL (Institut National des Langues) hat dêr jern mei bespûn. De INL is tsien jier lyn oprjochte, doe’t de offisjele Sproochentest Lëtzebuergesch ferplichte waard foar wa’t Lúksemburger wurde wol.

Wilens hawwe trettjintûzen minsken de offisjele taaltoets dien. Om de Sproochentest te heljen moatte kandidaten in ienfâldich petear fiere kinne (op ERK-nivo A2) en se moatte twa foto’s beskriuwe (op nivo B1). Fierders krije se in harktoets. Skriftlike feardichheden wurde net toetst. Maklik wie dat net: ferline jier is mar leafst 39 persint fan ‘e kandidaten sakke.

Hoewol’t it Lúksemburchsk de nasjonale taal fan Lúksemburch is en behearsking derfan in eask foar it steatsboargerskip, komme der dochs krekt wat mear minsken by it INL foar in kursus Frânsk (37 persint fan ‘e kursisten) as foar in kursus Lúksemburchsk (34 persint). Dat komt om’t de oerheid fan Lúksemburch skriftlike stikken yn it Frânsk útbringt en om’t der in soad bûtenlanners yn Lúksemburch wenje, sadat de taal yn it bedriuwslibben foar in grut part it Frânsk is.

Neist kursussen Frânsk en Lúksemburchsk biedt it INL ek kursussen oan yn it Dútsk, Ingelsk, Spaansk, Portugeesk en Sineesk. Der wurkje 127 taaldosinten by de organisaasje, dy’t op it stuit 878 taalkkursussen jouwe. Op it stuit folgje 15,5 tûzen minsken sa’n kursus. De doelgroep is jong: de mearderheid fan ‘e kursisten sit yn ‘e leeftydsgroep tusken 25 en 34 jier.

Klik hjir om te sjen hoe’t de offisjele Lúksemburger taaltest derút sjocht.

juny 4, 2019 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.