The Big Audition: kreative sollisitaasjes foar de gaadlikste baan

juny 9, 2019 09:01

Yn it programma The Big Audition sjogge we hoe’t minsken audysje dogge foar har dreambaan. Hja wurde útdage om op kreative wize te sollisitearjen op ferskate fakatueres. It wichtichste is dat dielnimmers in ferpletterjende yndruk efterlitte by de sjuery, dy’t ûnder oare bestiet út (mooglik) takomstige kollega’s.

Foto: NTR

De fakatueres yn The Big Audition ferskille tige: fan presintator oant museumgids, fan flogger oant safary-ranger en fan barbier oant sjonger yn in gospelkoar. It makket net út oft ien jong of âld is of dat ien in protte ûnderfining hat mei audysjes of noch gjin inkelde. It iennige dat telt, is talint.

Nei in ynsjoch yn de wrâld fan ûnderskate audysjes, lit The Big Audition ek sjen wat de driuwfearen en persoanlike ambysjes fan de dielnimmers binne. Wat hawwe sy derfoar dwaan of litte moatten om hjir te stean en dy geweldige baan bemachtigjen?
Yn eltse ôflevering binne trije totaal ferskillende rollen te ferjaan. Yn ôflevering 1 binne dat:

In gay lifestyle-stjoerder siket in mearsidige presintator, dy’t net allinnich ferslach dwaan kin fan it folgende Songfestival, mar ek in politikus tantsje kin. Seis kandidaten melde har. Under harren is in bekende drag queen, in eardere dielnimmer oan de Mr. Gay World-ferkiezing en ien dy’t just fan it stereotype byld fan de homowrâld ôf wol.

In bistecastingburo siket mei in lyts filmbedriuw siket in spesjale hûn dy’t in wichtige rol yn in kattefilm spylje kin. Fiif kandidaten melde har. Wurdt it Nala dy’t tegearre mei in kavia gading makket nei de rol? Wurdt it de moaie Belle dy’t ea fan de hongerdea rêden is en ek nochris goed skateboarde kin? Of dochs Baco, de grappich-eagjende Meksikaanske neakenhûn?

In Amsterdamsk museum hat syn pylken op in histoarysk akteur rjochte. Wurdt it Sjaak dy’t no yn in spûkhûs wurket en sels kostúms makket of wurdt it miskien Gabi, dy’t nei in rûzige jeugd, mislearre leafdesrelaasjes en in ferslaving harsels by it nekfel krige hat en dizze kâns mei beide hannen oangrypt?

Utstjoering: Fan snein 30 juny o/m 4 augustus om 20.15 oere by de NTR op NPO 3.
Webside: www.ntr.nl/thebigaudition.

juny 9, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.