Sympoasium ‘Musisy yn de soarch’ op 27 juny 2019 yn Ljouwert

juny 3, 2019 10:10

Rineke Smilde (foto: Embrace)

Wa’t benijd is nei wat musisy en muzyk foar de soarch betsjutte kinne, kin tongersdeitemiddei 27 juny ynformearre wurde op it minysympoasium ‘Musisy yn de soarch’ yn Neushoorn yn Ljouwert.

Sprekkers binne prefester Rineke Smilde, lektor oan de Hanzehegeskoalle fan Grins, neuropsycholooch en ôfstudearre gitarist en sjonger Gert-Jan de Haas en Philip Curtis, artistyk lieder fan Embrace Nederlân. Nijsgjirrige sprekkers dy’t harren ljocht skine litte op de lêste ûntjouwings op it mêd fan de ynset fan muzyk yn de soarch, hjoed én yn ’e takomst. De organisaasje is yn hannen fan stifting Embrace Nederlân en CityProms. De tagong is fergees.

Programma
13.30 – 14.00 oere           Ynrin
14.00 – 14.10 oere           Wolkom en iepening mei muzyk
14.10 – 14.55 oere           Pref. Rineke Smilde: Lifelong Learning in Music oan it Prins Claus Conservatorium fan de Hanzehegeskoalle yn Grins
14.55 – 15.35 oere           Lêzing Philip Curtis, artistyk lieder fan Embrace Nederlân ‘Stân fan saken Embrace yn Nederlân en dêrbûten’
15.35 – 16.30 oere           Presintaasje troch Gert Jan de Haas, neurolooch en musikus
16.30 – 16.45 oere           Reaksjes en fragen út de seal
16.45 – 17.30 oere           Slokje, moeting mei de sprekkers

Lokaasje en datum
Lokaasje: Ruterskertier 41, 8911 BP Ljouwert
Datum: Freed 27 juny fan 14.00 oant 17.30 oere.

Mear ynformaasje stiet op www.embracenederland.nl.

juny 3, 2019 10:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frans Kuipers juny 3, 20:12

    Ik wit it. Ik haw meastal in mûleoargeltsje (piccolo) yn `e bûse en as ik in sankje spylje begjint in elk mei te dwaan.

    Probleem is dat musyk fergees oanbean wurde moat, want de measte soarchhûzen en sikehûzen hawwe hjir gjin jild foar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.