Syktocht nei bûtenierdsk libben giet fierder

juny 21, 2019 10:49

Mear as 1.300 stjerren binne yn in ôfstân fan 160 ljochtjier mei radioteleskopen ûndersocht, mar dêrby is gjin bûtenierdsk libben oantroffen.

Foto: Wikipedia/NASA-ESA

Astronomen dy’t meiwurkje oan it Breakthrough Listen-projekt diene trije jier lang ûndersyk mei de Green Bank-teleskoop yn it Amerikaanske West Virginia en de Parkes-teleskoop yn New South Wales yn Australië. Mar de iennige lûden dy’t opfongen waarden, kamen fan de ierde, lykas sinjalen fan mobile telefoans of oerfleanende satelliten.

“It is stil dêr”, seit astronoom Danny Price fan de Universiteit fan Kalifornië tsjin The Guardian. “Wy hawwe hielendal neat fûn, mar ik jou de hoop net op. Der binne noch safolle mear stjerren om te ûndersykjen en noch safolle manieren om dat te dwaan.”

It Breakthrough Listen-projekt is noch lang net ôfrûn. It stribbet dernei om in miljoen stjerren, it hiele Molkenpaad en sa’n hûndert heine stjerrestelsels te ûndersykjen op radio- en optyske strielen.

Tige spesifyk binne de astronomen op ’e syk nei saneamde technosignatures of technomarkers. Dat binne bewizen fan in beskate foarm fan technology dy’t op in bûtenierdske beskaving tsjutte kinne. Lûden fan kommunikaasje of oandriuwsystemen klinke neffens wittenskippers hiel oars as de lûden dy’t stjerren en oare kosmyske objekten meitsje.

Alle resultaten fan it projekt oant no ta binne kontrolearre en publisearre. “Wy hawwe se bestjoen en neat fûn, mar faaks fine oare minsken dochs noch opmerklike sinjalen”, seit astronoom Price.

De stjer fan Teegarden
Yn de oanhâldende syktocht nei bûtenierdsk libben hawwe astronomen spesjale belangstelling foar de stjer fan Teegarden, yn it stjerrebyld Raam. De stjer stiet op 12,5 ljochtjier fan de ierde en is de op 23 nei tichtstbysteande stjer.

Ut ûndersyk docht bliken dat om dy stjer hinne twa planeten draaie dy’t wol wat op de ierde lykje. Dy draaie yn respektivelik fiif en alve dagen in rûntsje om de stjer fan Teegarden hinne, binne rotseftich en en hawwe allebeide in trochsneed temperatuer fan likernôch tweintich graden Celcius.

De planeten, dy’t noch net sjoen binne, mar dêr’t de oanwêzigens fan fêststeld is troch de oantrekkingskrêft dy’t se útoefenje op de stjer fan Teegarden, sille bestudearre wurde troch de opfolger fan de bekende Hubble-teleskoop. Dat is de James Webb-romteteleskoop, dy’t yn 2021 lansearre wurdt.

juny 21, 2019 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.