Sybren Singelsma: Europeeske ferkiezingen dochs wol relevant

juny 3, 2019 06:38

Skôging

“De Europese verkiezingen, ja, die vind ik niet zo relevant”, sei premier Rutte noch yn jannewaris fan dit jier. Dy heechmoed waard al gau ôfstraft. By de Steateferkiezingen waard Forum de grutste partij, by de Europeeske nota bene de PvdA. Mar de grutste ferrassing hat wol de opkomst west. Dy wie heech, en dermei wurdt de útslach fansels relevant, de macht fan it mandaat fan in politikus wurdt no ienkear grutter as mear minsken him of har stypje, de macht fan de kiezer. Dat hat syn effekt op sawol it nasjonale as it Europeeske nivo.

It liket derop dat de breed útmetten Brexitsaga en de strapatsen fan Donald Trump harren effekt hân hawwe op it stimgedrach. De minsken soene wolris it idee krigen hawwe kinne dat de EU der wol ta docht en wichtich is foar de Nederlânske belangen yn de wrâld, koartsein, dat it de muoite wurdich is om te stimmen.

En dêr sille de Nederlânske politisy grif rekken mei hâlde, al wie it mar dat se yn de takomst earliker fertelle moatte sille wat se yn Brussel ôfprate yn stee fan te sizzen dat ‘it moat fan Brussel’.

Komt by dat Frans Timmermans in o sa persoanlike kampanje fierd hat dy’t blykber oansloech. Ek net-PvdA’ers hawwe op him stimd. Alle SP-kiezers binne yn alle gefal oerrûn nei de PvdA, dêr koe dat luzige filmke neat oan feroarje. Op rjochts hat Forum itselde dien mei de PVV.

Nei de Steateferkiezingen en de Europeeske ferkiezingen stiet de koälysje yn Nederlân dus minder sterk. Dêrom dat de regearingspartijen harren op ’e nij groepearje yn ’e oanrin nei de Keamerferkiezingen yn 2021. Dat liket fier fuort, mar it is net tafallich dat Buma nei Ljouwert giet, om yn 2021 syn opfolger goed taret nei it kiezersfolk gean te litten.

Bliuwt de posysje fan Rutte oer. De liberalen steane foar in duvelsk dilemma. Elke ferkiezing liket op dit stuit ferlies op te leverjen. Forum liket it alternatyf foar de liberale kiezer dy’t neat ha moat fan klimaat- en oare plannen dêr’t de VVD-lieding te fier foar de troepen yn foarútrint. De VVD sil ôfstraft wurde foar in gebrek oan debat yn de partij sels. In premierswiksel healwei de rit bringt it risiko mei fan it fallen fan de koälysje en miskien ferkiezingen. Dêr sit de partij net op te wachtsjen. De liberalen sille hoopje dat it dochs noch goed komt mei it kabinet, mar dan kin Rutte min Donald Tusk opfolgje as foarsitter fan de Europeeske Ried.

Yn hiel Europa wie de opkomst heech en hawwe dejingen dy’t de EU opheffe wolle ferlern. Dêr ek binne de ekstremen net trochbrutsen en is de midden konsolidearre. Dat betsjut dat der in sterker Europeesk Parlemint (EP) sit, mei in sterker mandaat foar in Europeeske aginda. Yn it EP sitte no ek mear partijen as foarhinne. De ferliezende grutte partijen neame dat fersplintering, mar men kin ek size dat it ferskaat fan Europa mear ta syn rjocht komt.

Dêr komt by dat de Kristendemocraten en de Sosjalisten net mear de mearderheid hawwe. Dy twa partijen hawwe de ôfrûne jierren alles ûnderinoar beheistere. Dat sil net mear kinne. Dêr hawwe se no op syn minst de liberalen foar nedich of oare groepearringen. It falt te ferwachtsjen dat de striid yn it EP mear polityk en hurder wurdt. Mar ek transparanter en mear yn de iepenbierheid. Dat soe winst wêze.

Men kin sels sizze dat nei sa’n fjirtich jier it Europeesk Parlemint in folwoeksen politike macht wurden is.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
juny 3, 2019 06:38
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Eric juny 3, 15:13

    Singelsma skriuwt “Yn hiel Europa … hawwe dejingen dy’t de EU opheffe wolle ferlern.” Dit is feitlik ûnwier. Yn Frankryk en Itaalje hawwe Eurosceptisy it hiel goed dien en yn Hongarije is Orban noch altyd oan ‘e macht.

  2. Sybren juny 3, 16:04

    Der hat Eric feitelijk wol gelyk yn, mar it is folle onder as ferwachte, en der mei hauwen se ergens ferlern.

  3. RobMokum juny 4, 01:03

    Of it no lokale, nasjonale of Jeropeeske ferkiezings binne, as mar 41% fan’e stimmers stimt is dat net folle. It mei in soad mear mear wêze as yn it ferline, mar as mar fjouwer fan’e tsien minsken wat sizze wolle is dat net folle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.