Stim op jim favorite Fryske Telefyzjereklame! En meitsje kâns op in iPad.

juny 11, 2019 19:39

De Fryske Reklamepriis

Oant en mei 7 july kin stimd wurde foar de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis. De stimmers kinne flot in kar meitsje út trije nominearre spotsjes en harren stim útbringe op www.fryskereklamepriis.frl. Under alle stimmers wurdt in iPad mei in wearde fan € 380 ferlotte.

Begjin july wurdt bekend makke hokker spotsje de measte stimmen krige hat en dêrmei de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis wûn hat. De winner kriget in sjek fan € 750 en it ferneamde byldsje fan Grutte Pier.

De trije nominearre spotsjes/bedriuwen binne:

“Grutsk op ús greidefûgels”

“Wy hâlde fan netsjes” fan Aquacell

“De fytsesaak fan Joop Zandberg”

It doel fan de Fryske Reklamepriis is it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen. De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt sûnt 1995 organisearre.

juny 11, 2019 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.