Sosjale tsjinsten Brussel bliuwe Frânsktalich

juny 29, 2019 07:46

Brussel is offisjeel in twatalich lânsdiel fan it Belzelân. Frânsktalige en Nederlânsktalige bewenners hawwer der likense rjochten. De oerheid moat derfoar soargje dat boargers altiten yn ‘e eigen taal by de oerheid teplak kinne. De praktyk is lykwols oars.

Ut it Taalrapport dat de Brusselske oerheid dit jier publisearre hat, docht bliken dat der yn 2018 hast allinnich mar Frânsktalige amtners oannommen binne op ‘e sosjale tsjinsten yn Brussel – by de Bels OCMW’s neamd. Der is lykwols al tsientallen jierren in krapte oan Nederlânsktalige amtners, wat Nederlânsktaligen yn Brussel der faak ta twingt en ferbrek har.

Hegere amtners moatte boppedat twatalich wêze, want elke amtner hat it rjocht om mei syn sjef yn syn eigen memmetaal te praten. Dat slagget yn ‘e praktyk lang net altyd. Fan de Nederlânsktalige amtners hat mear as de helte boppedat in foldwaande nivo yn it Frânsk. Foar de Frânske amtners hat mar ien op ‘e fiif genôch kennis fan it Nederlânsk.

Neffens it Taalrapport docht benammen de dielgemeente Sint-Jans-Molenbeek it raar. Op ‘e sosjale tsjinst dêre wurkje 121 amtners, dy’t allegear Frânsktalich binne. De iennichste Nederlânsktalige dêr is in staazjerinner. Brussel-stêd, Sint-Agatha-Berchem en Ganshoren hawwe ferline jier ek allinnich mar Frânsktaligen sûnder foldwaande kennis fan it Nederlânsk oannommen.

Formeel moat it regear fan ‘e dielsteat Brussel tafersjoch hâlde op it neilibjen fan ‘e taalwet, mar yn ‘e praktyk wurdt dat net dien.

juny 29, 2019 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.