Soartedei/sleatsjesdei Ljouwerter Bosk

juny 8, 2019 10:48

Op snein 16 juny organisearret it Natuermuseum Fryslân foar de achtste kear in Soartedei yn de Ljouwerter Bosk. Dy deis gean deskundigen mei it publyk op syk nei nije soarten planten en bisten. Dit jier wurdt wer gearwurke mei de ôfdieling Ljouwert e.o. fan it IVN, dy’t alle jierren in Sleatsjesdei hâldt. Bern wurde dêrby útdage om echte sleatsjeseksperts te wurden.

Foto: Natuermuseum Fryslân

De Ljouwerter Bosk is troch it Natuermuseum bestimpele as bûtenlokaal. Ferskate edukative programma’s bringe bern dêr yn kontakt mei de libbene natuer. Dêrneist wurdt der in protte ûndersyk yn de Ljouwerter Bosk dien, sadat der aloan mear oer de oanwêzige floara en fauna bekend wurdt. De Soartedei draacht by oan dy grutsklalige ynventarisaasje fan de bosk.

De hiele dei troch wurde der ekskurzjes holden. Under begelieding fan deskundigen sille dielnimmers op syk nei fûgels, ytbere planten, poddestuollen, amfibyen, flinters & libellen, ynsekten en spinnen. Tusken de ekskurzjes troch kinne besikers ûnder begelieding fan IVN en Natuermuseum wetterbistkes fange yn de sleatten om de kemping hinne. Dy wetterbistkes kinne mei help fan in sykkaart op namme brocht wurde.

It sintrale punt fan de Soartedei is kemping Taniaburch oan de Fjouwerhústerwei 72. Tusken 09.00 en 17.00 oere start elts healoere in ekskurzje. It programma is te finen op de webside fan it Natuermuseum. It is riedsum om by in ekskurzje wetterskuon oan te dwaan en by in fûgelekskurzje in fierkiker mei te nimmen. As bern wetterbistkes fange wolle, is it handich om learzens te dragen.

De parkeargelegenheid by kamping Taniaburch is tige beheind. Besikers wurdt oanret op ’e fyts of rinnendewei te kommen. Auto’s kinne parkeard wurde oan ’e râne fan de Ljouwerter Bosk. Alle ekskurzjes en aktiviteiten binne fergees.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.natuurmuseumfryslan.nl en www.ivn.nl/slootjesdagen.

juny 8, 2019 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.