Slûs Koarnwertersân wurdt breder

juny 12, 2019 10:12

Foto: Wikipedia/Gouwenaar

Minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen hat bekend makke dat it breder meitsjen fan de slûs te Koarnwertersân en it fernijen fan de brêgen dêrby oangean kin. Jierrenlang hawwe ûndernimmers, gemeenten en provinsjes har dêrfoar ynspand.

Deputearre Klaas Kielstra sei, út namme fan Fryslân, Oerisel en Flevolân: “Ik bin grutsk op dit resultaat. Yn ’e mande mei minister Van Nieuwenhuizen, de Twadde Keamer, alle oare oerheden en it bedriuwslibben hawwe wy dêr hiel hurd oan wurke. It sukses hawwe wy mei-inoar berikt. It betsjut in grutte en duorsume ympuls foar al dy bedriuwen om de Iselmar hinne en dêrmei foar de ekonomy en de wurkgelegenheid yn de Iselmarregio.”

Bedriuwen sille foar mear as 100 miljoen ynvestearje yn nije en útwreiding fan besteande aktiviteiten. Dêri wurde yn de kommende jierren oant 3000 nije banen mei kreëarre. It projekt jout ek in ympuls oan it duorsumer meitsjen fan ferfiersstreamen troch mear ferfier oer it wetter yn stee fan oer de dyk.

It hiuele projekt kostet 215 miljoen euro. Regionale oerheden en it bedriuwslibben betelje dêroan mei. It moat op syn lêst yn 2026 klear wêze.

juny 12, 2019 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.