Seehûn makket útstapke nei Amsterdam en De Kwakel

juny 24, 2019 08:32

Under oare yn Amsterdam en De Kwakel (Noard-Hollân) is in ferdwaalde seehûn oantroffen. It bist waard as earste sjoen by in slús yn De Kwakel, berjochtet de plysje. Yn oerlis mei Seehûnesintrum Piterbuorren waard de slús iepenset. Dêrnei swom de seehûn rjochting Uithoorn.

Foto: pixabay.com

De seehûn waard in pear oeren letter sjoen yn de Amstel yn Amsterdam. In tiim fan Earste Help by Seesûchbisten is no nei it bist op syk. As er dan sjoen wurdt, wurdt in ynskatting makke fan de kondysje en sjogge se oft de seehûn de goede kant op giet. It is neffens Sander van Dijk fan it seehûnesintrum net ûnmooglik dat it bist sels de rûte werom nei see fynt.

Hoe’t de seehûn yn Amsterdam en De Kwakel terjochte kaam is, is net bekend. De measte seehûnen yn Nederlân libje yn it Waadgebiet, mar se komme ek by de Noardseekust lâns foar. Yn 2015 swom in seehûn yn de Oudegracht yn Utert.

juny 24, 2019 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.