Sara en Lisa grutte winner fan SjONG

juny 9, 2019 11:06

‘Jim brochten it sá moai, jim rekken ús rjocht yn it hert. Dêr komt by dat dit nûmer gewoan Spotify- en radioweardich is.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer ‘Dreamelân’, it winnende nûmer fan SjONG 2019, útfierd troch Sara Orsel en Lisa Sijbesma út Easterein. De priis foar bêste sjongtekst gie nei Amarins Popma (Blauhús) mei ‘Unseker’.


In grôtfolle Neushoorn seach hoe’t Sara en Lisa de oerwinning nei harren ta songen mei ‘Dreamelân’, in Fryske oersetting fan ‘A million dreams’, in nûmer út de film The Greatest Showman. ‘Fantastysk hoe’t dit duo syn liet brocht, it hiele plaatsje doogde en sawol it sjongen (Sara) as it pianospyljen (Lisa) wiene magysk’, sei sjonger/presintator Tim Douwsma dy’t mei Femke de Walle, André Becker en Willem de Vries de muzyksjuery fan SjONG 2019 foarme.

Lisa en Sara, winners SjONG 2019 (foto: Kim Schotanus)

De twadde priis gie nei sjongeres Baukje de Graaf (Noardburgum) mei it nûmer ‘Doe’t ik dy seach’, in cover fan ‘Toen ik je zag’ fan Antonie Kamerling. Femke de Walle: ‘Se song as in ingel en sy trof ús ek yn it moed. Eins hie in dielde 1ste priis ek fertsjinne west.’ De tredde priis gie wer nei in duo: Tara van der Meulen (Raerd) en Nynke van der Eems (Easterein) brochten ‘Gewoan’, oftewol ‘I would stay’ fan Krezip.

Winner bêste songtekst
Dit jier wie der wer in tekstpriis foar de bêste songtekst. Tekstsjueryleden Bart Kingma en Karen Bies nominearren koartlyn fiif songteksten en makke sneon bekend dat de tekst ‘Unseker’, útfierd troch Amarins Popma, de alderbêste wie. De tekst, skreaun op ‘Million reasons’ fan Lady Gaga, wie net in fertaling. It ûnderwerp wie just oars en dat fûn de sjuery moai. Bart Kingma: ‘Dêr komt by dat de tekst doogde, hy rint en rôlet hearlik en past perfekt op de muzyk.’

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. It wie de achtste kear dat SjONG holden waard. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêr dogge se audysje mei, se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek in Fryske songtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

juny 9, 2019 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.