RIXT Frisian Poets Pack online

juny 27, 2019 08:21

It webstee fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT hat no ek in Ingelske fariant. In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl. Hjir sjogge jo it Ingelske logo fan RIXT.

De Ingelske webside fan RIXT sil brûkt wurde om in begjin te meitsjen mei in wichtige doelstelling fan it dichterskollektyf: de Fryske poëzy ynternasjonaal op ‘e kaart sette. RIXT wol de kommende jierren syn bêst dwaan om mear Fryske dichters op ynternasjonale poadia te krijen en de Fryske poëzy ûnder de oandacht te bringen fan dichtersnetwurken yn it bûtenlân. Dat dogge se graach yn gearwurking mei oare dichters, de literêre tydskriften en kulturele organisaasjes.

De Ingelske webside fan RIXT is net inkeld in oersetting fan de Fryske. De Ingelske side hat in oar karakter en doel. De Fryske side rjochtet him benammen op de aktualiteit. Dêr steane gedichten op oer aktuele tema’s. De Ingelske webside jout mear in oersicht fan ynternasjonale projekten en optredens dêr’t Fryske dichters by belutsen binne. De kommende tiid sil de Ingelske webside noch libbener makke wurde mei audio- en fideo-opnamen fan Fryske gedichten. Net-Frysktaligen kinne it lûd fan de dichters dan hearre by de Ingelske oersettings.

Oar nijs is dat RIXT trije Nederlânsktalige dichters wolkom hjitten hat. It giet om Job Degenaar, Dien L. de Boer en Peter Vermaat. Alle trije wenje al jierren yn Fryslân en fiele har ferbûn mei de Fryske literatuer. Yn july is Job Degenaar RIXT-dichter fan de moanne en sille der twa aktuele gedichten fan him op de webside ferskine.

RIXT bestiet no ien jier. Yn it earste jier liet it kollektyf allinnich dichters ta dy’t yn it Frysk (of in Fryske streektaal) skriuwe. It dichterskollektyf waard û.o. oprjochte út argewaasje oer de beheinde oandacht dy’t LF2018 oan de Fryske literatuer en poëzy joech. Mei de mear as fjirtich Fryske dichters dy’t har yntusken by it kollektyf oansletten hawwe, is – neffens RIXT – it punt wol makke dat de Fryske poëzy fitaal, folop yn beweging en it wurdich is om breed programmearre te wurden.

Dichters yn alle talen fan Fryslân binne wolkom by it kollektyf. In betingst is wol dat se har ferbine wolle mei de Fryske poëzy. De webside fan RIXT bliuwt dêrom Frysktalich, mei no dus ek in Ingelsktalige fariant foar ynteressearre net-Frysktaligen.

Mear lêze? Sjoch: eng.rixt.frl; rixt.frl;
Mear ynfo? ynfo@rixt.frl.

juny 27, 2019 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.