Relaasjeterapy foar boer en boarger

juny 5, 2019 07:57

Op 17 juny set Keunstwurk mei it sosjaal-keunstsinnich projekt Molke 2.0 útein. Acht boeren en acht boargers mei in folslein ferskillende eftergrûn hawwe dan in koarte ôfspraak mei-inoar. It projekt giet troch op it teaterprojekt LAB Molke út 2015 oer de feroaringen yn de greidbuorkerijen en famyljebedriuwen en de ynfloed dêrfan op de mienskip. Molke 2.0 wol de dialooch tusken boer en boarger neier besjen. Wat witte se winliken faninoar?

foto © Piet Douma

Neffens in protte ynstânsjes bestiet der gjin kleau tusken boer en boarger, mar boerinne en inisjatyfnimster Janke Jeltsje van Dijk is it dêr net mei iens: “Ik fernim dat de toan fan de boarger tsjin boeren hieltyd fûler wurdt. Der wurdt wol hiel gau in oardiel útsprutsen. Dat sit my dwers. Wy dogge ûntsettend ús bêst om de konsumint fan molke te foarsjen en ja, dêr ek noch ús brea mei te fertsjinjen. Der spilet sa’n protte dat minsken net witte, safolle ûnbegryp. It fielt krekt as moatte wy ferdigenje wat wy dogge.” Artistyk lieder Willy van Assen: “Moandei 17 juny besykje wy net allinne de ferskillen yn tinken te finen, mar krekt ek de saken dêr’t boeren en boargers gelyk oer tinke.”

Foarstelling yn septimber
Fan de moeting op 17 juny wurdt in audio- en fotoregistraasje makke dêr’t jonge teatermakkers yn septimber harren ynspiraasje út helje. Dy – akteurs, dûnsers en media-artysten – geane dan mei professionals, boeren en boargers oan ’e slach om in foarstelling te meitsjen oer de relaasje tusken boer en boarger. Snein 15 septimber kin it publyk twa kear in foarstelling sjen. Dat is in ‘oanjeiprojekt’ fan De Reis, it sosjaal-keunstsinnich programma fan Stichting Keunstwurk, de ekpertize- en advysorganisaasje foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst yn Fryslân.

Fierder yn 2020: de reis fan de molke
De ynsichten fan Molke 2.0 wurde brûkt as foer foar it grutskalige lokaasjeteater ‘De reis fan de molke’ yn 2020. Dan belibbet de taskôger letterlik de reis dy’t de molke makket: fan de ko de wein yn, nei it fabryk en úteinlik nei de winkel. Wat bart der allegear ear’t in glês molke op tafel stiet? Artistyk lieder en regisseur fan de foarstelling Janneke de Haan: “It is wichtich om mei ús projekt fierder te gean as boer en boarger mei-inoar yn petear te bringen. Wy sjogge nei de takomst. Wat moat yn it molkeproses dien wurde om ús lânskip te behâlden en in duorsum glês molke op tafel te krijen?”
It projekt, dêr’t Janneke de Haan en Willy van Assen tegearre artistyk lieder fan binne, wurdt stipe troch LTO Noard en de Fryske Miljeufederaasje.

juny 5, 2019 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.