Reidmarrûte klear en te befarren mei elektryske sloepkes

juny 9, 2019 09:28

Reidmarrûte klear (foto Corina Hernamdt)

Ynwenners fan Westhim en omkriten kinne lang om let gebrûk meitsje fan in nije farrûte troch harren doarp. Dy iepenen se mei wethâlder Maarten Offinga ôfrûne freed mei in sloep, yn in kano of peddeljend op in SUP-boerd.
Neffens Offinga is ‘hoekhâlde’ it krekte wurd dat by it farrûteprojekt past. Jierren hat in wurkgroep fan ynwenners fan Blauhús, Greonterp, Westhim en Wolsum en inisjatyfnimmers fan it Lytse Marreplan him dêrfoar ynset. Dêr hie er in soad wurdearring foar.

De Reidmarrûte
De Reidmarrûte is de eardere kanorûte fan Boalsert oer de Blauhústerpuollen nei Aldegea. Hy komt ûnder mear by It Fliet, de Reidmar en de Sipkemar lâns. In grut part is allinne te brûken troch elektryske of hybride oandreaune boaten en foar kanofarders en SUP’ers (Stand Up Paddling) is er ek hiel gaadlik. Om it safier te krijen is in mannich dammen fuorthelle, brêgen ferhege en de feart baggere.

juny 9, 2019 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.