Proef hurdfarre Burgumer Mar set 15 juny útein

juny 6, 2019 10:47

Fan sneon 15 juny oant en mei 15 septimber 2019 is hurdfarre op de Burgumer Mar tastien. Dat mei tusken 9.00 en 18.00 oere, binnen de giele boeien dy’t it gebiet markearje. It giet om in proef fan twa jier, dêr’t de provinsje yn hanthavenet en de feilichheid en effekten op de omkriten yn ’e gaten hâldt. Inisjatyfnimmers wolle mei it hurdfarren it willesporten lykas wakeboarden en wetterskyen in ympuls jaan.

De maksimale faasje op de Burgumer Mar is no njoggen kilometer yn ’e oere. Yn de hurdfarsône mei hurder as tweintich kilometer yn ’e oere fearn wurde. It earste jier leit it hurdfargebiet yn it súdwestlike part fan de Burgumer Mar, yn 2020 sil dat yn it súdeastlike part wêze. Oars as yn de oare fjouwer hurdfargebieten yn Fryslân, is it hurdfarren dêr allinne tusken 9.00 en 18.00 oere tastien. Dat is ynsteld om de hinder foar de omkriten te beheinen.

Hanthavening
De provinsje sil yn ’e mande mei de plysje geregeld kontrôles op en om de de Burgumer Mar útfiere. Wettersporters dy’t harren net oan de regels hâlde, kinne in boete ferwachtsje. Der is foar in proef fan twa jier yn twa gebieten keazen om goed beoardielje te kinnen wat it effekt fan it hurdfarren is. By de proef wurde de effekten op de omkriten en natuer skerp yn ’e gaten holden. De provinsje tinkt ek om it lûd, de wetterkwaliteit en de feilichheid. De gemeente Tytsjerksteradiel hâldt foar en nei de proef enkêtes ûnder omwenners, wettersporters en oare oanbelangjenden, sadat ek harren ûnderfiningen meitelle.

Fan 16 septimber 2020 ôf is it hurdfarren net mear tastien. De resultaten fan de monitoaring en hanthavening wurde brûkt om it hurdfarren oan de súdwest- en de súdeastkant mei-inoar te ferlykjen. De provinsje nimt de resultaten mei by it op ’e nij besjen fan it belied foar hurdfarren foar hiel Fryslân. Foar de Burgumer Mar wurdt dan ek dúdlik oft it fan 2021 ôf wol of net tastien wurdt.

súdwest

súdeast

juny 6, 2019 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.