Petear oer it Frysk op 26 juny yn De Haach: gean mei!

juny 12, 2019 09:02

It moat jimme net troch it sin gean!

Jimme ha it wol lêzen en heard: woansdei 26 juny sil it heve, dan sil de Fêste Keamerkommisje mei minister Ollongren yn petear oer it Frysk en dan benammen oer de sichtberens fan it Frysk en it Frysk yn it ûnderwiis.

Mar dan moatte wy as Friezen fansels ek sichtber wêze! We moatte ús sjen en hearre litte. De aksjegroep Sis Tsiis soarget derfoar dat we sichtber binne en de muzyk soarget derfoar dat we te hearren binne. Mar dan moatte we der wol wêze. Dan moatte we wol ynstappe!

Sa’n kâns krije we daliks net wer! Wy witte it, it is betiid, it is in gewoane wurkdei en it is ek noch fakânsjetiid! Mar dochs wa’t mar heal kin, moat eins hielendal mei. Freegje famylje en goekunde om mei. Dan wurdt it grif in moaie dei foar ús en foar it Frysk! En stap yn. Dat is fergees.

It program:
10.30-10.45:   Oanbieden petysje yn de hal fan it Twadde Keamer-gebou
11.00-12.30:   Bywenjen fan it Algemien Oerlis
13.00:              Yn optocht nei Ministearje fan Underwiis

Busferfierder Dalstra:
05.10              Surhústerfean, by it stek fan Dalstra Reizen – Molenweg
05.25/30          Drachten, Transfearium East – Zonnedauw 2
06.00               De Jouwer, McDonald’s
06.15/20          De Lemmer, McDonald’s
07.30               Parkearterrein de Hackelaar – Rijksweg 1, Muiden
08.45               De Haach
15.00                wer fia de opstapplakken werom nei Surhústerfean

Wat foarôfgie:
Oanbieding fan de Skaad-BFTK fan de Ried oan deputearre Poepjes 27 juny 2018;
Oanbieding petysje Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken 18 desimber 2018.

Dus nim goekunde mei en jou jimme noch efkes op by: piter@dykstra.frl.

juny 12, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.