Opskuor op Twitter is … gjin opskuor

juny 9, 2019 08:19 Fernijd

Kranten berjochtsje al in pear jier geregeld oer opskuor op Twitter. Der wurdt dan sels praat fan in Twitterstoarm. Dat wol sizze dat in protte minsken op it webstee berjochtsjes skriuwe dêr’t se yn uterje dat se earne lilk om binne.

Net allinne sjoernalisten binne fan betinken dat it wichtich is wat Twitterders skriuwe. Wittenskippers dogge dat ek. Om’t Twitter tige grut is, iepenbier en der maklik yn de berjochtsjes te sykjen is, lûke wittenskippers der konklúzjes út dêr’t hja fan oannimme dat dy it betinken fan in lân of sels fan ‘e wrâld werjouwe. Sa skreaune ûndersiker Frieder Paulus en syn kollega’s in pear moanne lyn dat Amerikanen harren sûnt it presidintskip fan Donald Trump faker skamje (link nei artikel). De wittenskippers loeken dy konklúzje, om’t hja seagen dat der op Twitter faker oer skamte skreaun waard.

Mar kin men sokke konklúzjes wol lûke? Jelte Wicherts fan de universiteit fan Tilburch skriuwt yn de Volkskrant dat dat lang net altyd mooglik is. Hy seit: “We weten: de gemiddelde tweet is allesbehalve representatief.” De wittenskipper wiist derop dat Twitter in stik minder populêr is as bygelyks Facebook en LinkedIn. Mar ien op ‘e fiif Nederlanners is der abonnee fan en in soad minsken skriuwe net faak in berjochtsje. De minsken mei in Twitter-abonnemint binne ek net represintatyf foar de befolking. Twitter is benammen populêr by jonge minsken mei in hege oplieding en in soad belangstelling foar polityk.

Undersiker Grant Blank fan de universiteit fan Oxford wiist derop dat Twitterberjochten sa koart binne dat se amper subtiliteiten en nuânses útdrukke kinne. Dat makket dat se net sa gaadlik binne om ûndersyk te dwaan nei wat der wier ûnder de befolking libbet. Dat guon wittenskippers dat dochs dogge, is neffens him in minne saak. Undersiker Mirko Schäfer fan de universiteit Utert wiist derop dat Twitter in eigen kultuer hat. Nederlânske twitterders skriuwe bygelyks folle mear oer it televyzjeprogramma Pauw as oer it sjoernaal fan acht oere. Dochs wurdt dat lêste troch folle mear minsken besjoen. Schäfer: “En toen Robert Jensen van televisie werd gehaald wegens lage kijkcijfers, zag je in de commentaren van zijn achterban dat ze dat helemaal niet begrepen. Jensen was toch altijd trending?”

Undersiker Marcel Broersma fan de Ryksuniversiteit Grins seit dat Twitter yn de media gauris brûkt wurdt as yllustraasje fan wat ‘gewoane minsken’ fan in ûnderwerp fine. Hy warskôget derfoar dat media dy’t berjochtsje oer opskuor op Twitter in navenant lytse, net-represintative groep in boppemjittich grutte megafoan yn ‘e hannen triuwe.

juny 9, 2019 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.